Column Janny Ladenius en Jan van der Zee
We hawwe der moannen nei ta libbe en it is safier!
Yn it kader fan it jubileum fan toanielselskip “Vriendenkring” Jelsum-Koarnjum-Britsum sil it iepenloftspul ‘Fier Fuort’ opfierd wurde op 1, 2, 4 en 5 juny 2010 by Dekema State yn Jelsum. De kaartferkeap rint as in trein; 2, 4 en 5 juny binne útferkocht! Dêrom is besletten ta in ekstra útfieringsjûn, tiisdei 1 juny.
Yn de Stienser Omroeper hawwe jim om de wike in column lêze kinnen fan ien of twa meiwurkers. Dizze columns binne ek te lêzen op ús website: www.iepenloftspul.com. De lêste yn dizze rige komt fan Janny Ladenius, figurant en har soan Jan van der Zee, muzyk.
Skriuwe oer Vriendenkring en it iepenloftspul, foar de lêste kear,
wy, Janny Ladenius en Jan v.d. Zee, ha de ear.
We dogge ek oan it stik mei, Janny as figurant en Jan soarget foar alle muzyk,
mem en soan, is ’t net unyk?
No dat falt wol wat ta,
UNYK is Vriendenkring litte we it DÊR mar oer ha.
Fjouwer jier lang binne guon foar it iepenloft spul al yn ’t spier,
en dan, 1 juny is ’t einliks safier.
De trije foarstellingen, yn in sucht en ’n skeet útferkocht,
ek foar de ekstra 4e foarstelling wurd de website goed besocht.
Pikefel krij je der fan, is ’t net sa,
fjouwer jûnen folle bak, hiel wat minsken komme nei Jelsum ta.
Dit alles op in prachtich moaie lokaasje,
Ja minsken, it wurdt wier in sensaasje.
Yn de trije doarpen, (Jelsum Koarnjum Britsum), libje de minsken ek och sa mei,
hjir en dêr komt dan ek wol in attribút wei.
Somtiden by de repetysje in stikje cake, as in lekker pantsje sop,
dat alles docht je goed, sokke gebaren dogge je wol wat……………
Fan ’e wike giet it mei de foarstellingen mear as goed,
fansels mei droech waar,want allinnich dêr oer sitte we in bytsje yn noed!
Oant sjen!
Column Aukje Kuipers en Tineke Dijkstra
Elkenien is sa stadich oan op ‘e hichte fan it feit dat yn it kader fan it jubileum fan toanielselskip “Vriendenkring” Jelsum-Koarnjum-Britsum it iepenloftspul ‘Fier Fuort’ opfierd wurde sil. Op 2, 4 en 5 juny 2010 by Dekema State yn Jelsum. Yn de Stienser Omroeper wurdt om de wike in stikje skreaun troch in meiwurker. Dizze columns binne ek te lêzen op ús website: www.iepenloftspul.com . Dit kear Aukje Kuipers en Tineke Dijkstra-Bierma, rezjyassistinsje en omballingen.
Bêste misken,
Ek ús is frege om in stikje te skriuwen. Ik sil my mar efkes foarstelle; ik bin Aukje Kuipers 58 jier jong, troud mei Piet Keestra en hikke en tein yn Jelsum en Koarnjum.
Hoewol ik út in toanielspilers famylje kom moat ik der sels net oan tinke om op de planken te stean, mar gelokkich ús dochter Lieuwkje wol en sa bliuwt it toaniel dochs yn de famylje. Mar doe ‘t ik hearde fan in Iepenloftspul wie ik gau beret, ik tocht dêr wol ik graach myn bydrage oan leverje.
Op de ynformaasje jûn sei Tineke: “sille wy de omballingen dwaan?” No, dat like my wol wat. It is tige gesellich om mei Tineke te wurkjen, wy ha der in protte nocht oan om de rekwisiten byelkoar te skarreljen. Wat twaddehâns winkeltsje bylâns en ek de spilers tinke och sa mei. Sa komt der wat by in pake wei of hat immen noch wat op ‘e souder. Ek is der in famylje dy’t in skoftsje sûnder túnbank sit omdat wy dy brûke. Geweldich sa’n gearwurking.
De repetysjejûnen besykje ik trou, ik fyn it prachtich om te sjen hoe it stik opboud wurdt ûnder entûsjaste lieding fan Janneke Bergsma, earst yn de Bining en no by Dekema State.
De warming-up is ek alle kearen wer in feestje. En dan de neisit yn it Fier Fuort kafee, dat is ek tige gesellich, ik sil dit alles aansens grif misse.
Ik sil tenei mei oare eagen nei in toanielútfiering sjen, want ik wit no wat der oan foarôf giet.
Dy oare op de foto dat bin ik, Tineke Dijkstra-Bierma, net hikke en tein yn Jelsum / Koarnjum, mar wy wenje hjir no al wer krapoan 33 jier.
Op toaniel mêd haw ik dochs wol wat ûnderfining. Ik haw ferskate kearen meispile en in pear kear ynstekster west, mar meidwaan as spiler oan it iepenloftspul lit ik no leaver oan jonge spilers oer, wy hawwe der genôch by Vriendenkring!
Dochs woe ik ek graach sa’n iepenloftspul ris meimeitsje en op de eftergrûn my mooglik wat nuttich meitsje. Ik doch no wat rezjyassistinsje en Aukje en ik –sa’t jim hjir boppe lêze kinne- dogge de omballingen.
Ien kear yn de moanne hawwe wy in produksjegearkomste, mei de produksjelieder, minsken fan ljocht en lûd, boukommisje, kleankommisje, froulju fan de smink, dekorûntwerper, regisseuze en Aukje en ik. Dan wurdt der bepraat hoe’t de stân fan saken op dat momint is, wat moat der noch komme, wat is klear, wêr binne wy noch mei dwaande, ensafuorthinne. Sa moat der oer twa wiken, (de tiid giet no wol hiel hurd), in moaie foarstelling brocht wurde.
Wy wolle alle spilers en oare meiwurkers dan ek in grut komplimint jaan en in geweldige útfiering tawinskje. IT KOMT GOED.
En oan alle ynwenners fan ús doarpen en omkriten: Minsken der mei syn allen op ta, dit meie jo net misse!!
Oant sjen op 2, 4, of 5 juny op Dekema State.
Column Theunis Dijkstra
Bêste Minsken,
Fan út it bestjoer fan Toanielferiening Vriendenkring hâld ik my dwaande mei de technyk, it dekor en ljocht en lûd. Dit doch ik sûnt 1990 mei in soad nocht. Sûnt dy tiid binne der in soad produksjes west, prachtige útdagingen mei regisseurs dy’t betiden de gekste ideeën hienen. Foaral de kursussen, (jongerein, manlju en froulju), dy’t organisearre waarden wienen prachtich om te dwaan. It is ek de útdaging om mei-inoar in moai plaatsje te meitsjen wêr sawol spilers as publyk in soad wille oan belibje meie.
In oantal jierren werom ûntstie it idee in iepenloftspul te organisearjen foar it jubileum 150 jaar Vriendenkring, hiel wat oars as in feestjûn foar leden en gasten. Dit betsjutte dan ek in grutte útdaging foar elkenien, ek foar de technyk, foaral omdat dit foar ús de earste kear wurde soe. Efkes wat oars as in dekorke en inkelde spots op in toaniel fan fjouwer by seis meter!
Myn ynbring is om tegearre mei in oantal mannen de bou en technyk te regeljen. Hjir komt hiel wat by sjen; geregeld oerlis oer de útfiering fan de dekorbou, ljocht en lûd, kontakten sykje foar it hieren fan ljocht en lûdsapparatuer, stroomfoarsjenning, stroomplan, yndieling fan it terrein, tribunes, tefolle om op te neamen.
Yn 2007 binne we al úteinset mei sykjen nei wat we nedich hienen om ús gasten in komfortabel sitplak te bieden en binne we útkaam by it hieren fan de tribunes mei 480 sitplakken fan de iepenloft kommisje út Jorwert. Yn 2009 is ûntwerper Tom Reeders yn gearwurking mei Janneke Bergsma, ús regisseuse, begûn mei it ûntwerpen fan it dekor, earst in makette op skaal en letter op tekening. Ein 2009 binne de boutekeningen klear en is der oerlis oer de oanpak, want it dekor feroaret geandewei de foarstelling. Yn 2009 haw ik mei Wieberen Postema, Dick Rijpstra en Douwe Hoekstra in earste oerlis hân, wa docht wat en wannear moat in bepaalde aksje klear wêze, in strakke planning is nedich. Oanslutend is der in jûn oerlis west mei in groep entûsjaste minsken dy’t harren meiwurking tasein hienen oan de bou fan it dekor, tribunes en útfiering fan technyk, ljocht en lûd. Ik haw begrepen dat in oantal fan dizze mannen ek al in rol as boufakker yn it stik krigen hawwe! Dick as boumaster soarget foar de planning en de foarderingen fan de bouaktiviteiten fan it dekor. Wieberen, Douwe en ik helpe mei de bou en hâlde ús sydlings dwaande mei de tariedings fan de technyk.
Sneon 6 maart wie de start fan de bou fan it dekor yn de loads by Douwe Heslinga yn Jelsum, hiel moai dat we fan dizze romte gebrûk meitsje meie! Ien frou en santjin manlju stienen moarns om 8.00 klear om los te gean. It is geweldich om te sjen hoe entûsjast dizze ploech dwaande is mei it bouwen en skilderjen. De oanwêzichheid fan ús dekorûntwerper Tom by dizze bouwurksumheden wurdt ek tige wurdearre. Op it momint dat ik dit skriuw is it dekor al foar in grut diel klear en binne we starten mei de opbou op it terrein efter Dekema State, in prachtige lokaasje wêr’t wy tige bliid mei binne. Begjin maaie moat it dekor klear wêze en wurde de tribunes opboud. Dêrnei komme de mannen fan de technyk yn aksje; technykromte opbouwe, hûnderten meters stroomkabel klearlizze, muzykynstallaasje ynstallearje, toanielspots ophingje en útljochtsje, foarsjenningen treffe foar de catering, neam mar op. Yn de twadde wike fan maaie moat alles klear wêze sadat der noch genôch tiid is om alles goed te testen en by te skaavjen foar de útfierings op 2, 4 en 5 juny.
It is gjin dwaan om elkenien persoanlik te neamen, mar ik fyn it geweldich dat der sa’n soad minsken út ús trije doarpen binne dy’t mei safolle entûsjasme, op hokker wize dan ek, harren ynsette om de útfieringen ta in sukses te bringen.
Column Marieke en Anouk
Wie willen ons even voorstellen, Ik ben Marieke Postma en ik ben 12 jaar en ik ben Anouk Planting en ik ben 11 jaar . Zo is het begonnen: Ik, Marieke, heb in de Flapút, (ons dorpskrantje), gelezen dat er bij ons in het dorp Iepenloftspul kwam. Daar wou ik natuurlijk heel graag aan mee doen. Ik, Anouk, heb het gehoord van mijn broer, (Ruben). Eerst leek het mij niet zo leuk maar toen ik hoorde dat mijn vriendin Marieke ook mee ging doen twijfelde ik wel dus heb ik het toch maar gedaan. Wij vonden het een leuke en interessante auditie.
De volgende dag heeft Janneke Bergsma, (de regisseuse), ons gebeld en gezegd dat wij een
rol hadden in het Iepenlofspul. Ik, Marieke, heb de rol van Maaike, dat is een leuke maar ook een drukke rol, die rol mocht ik ook even spelen bij de audities.
Ik, Anouk, heb de rol van Ytsje, dat is een leuk maar rustig meisje en dat vind ik wel heel leuk. Wij zijn nu al aan het repeteren voor het Iepenlofspul, we krijgen hele leuke en interessante lessen van Janneke en de warming-up is ook heel leuk. Wij mochten ook een keer een warming-up bedenken, dat ging wel goed maar de mannen uit het Iepenlofspul zeiden tegen ons dat we niet te moeilijk moesten doen.
Het is best wel moeilijk maar toch heel leuk om dit mee te maken, maar gelukkig kennen we de tekst al uit ons hoofd.
Als jullie nieuwsgierig geworden zijn, naar wie wij zijn kom dan naar het Iepenlofspul op 2,4 en 5 juni 2010. Het is echt heel leuk grappig en ook ……….
Groetjes Marieke Postma en Anouk Planting
Column Foke Beetsma
Mijn naam is Foke Beetsma en ik speel de rol van Afke in het Iepenloftspul “Fier Fuort”.
Een eer, moet ik zeggen!
Allereerst omdat het de eerste keer is dat er in onze gemeente een Iepenloftspul georganiseerd wordt!
En ten tweede omdat het heel bijzonder is dat onze regisseuse Janneke Bergsma dit stuk,
(samen met haar man), zelf geschreven heeft.
Bovendien is het een erg mooi stuk waar alles in zit: drama, humor, liefde, muziek enz.
Mijn eigen toneelervaring is meer dan 15 jaar geleden begonnen bij Vriendenkring. Hier heb ik in diverse toneelstukken meegespeeld, wat altijd een genoegen was!
Daarnaast heb ik een aantal keren in Iepenloftspullen meegedaan in Raerd en Dronryp.
Ook heb ik in een paar theaterproducties van Reboelje gespeeld, wat ook erg leuk was om te doen.
En nu dus “Fier Fuort” bij Dekemastate in Jelsum. Een prachtige locatie.
Ik voel mij, samen met alle medewerkers heel erg verantwoordelijk om hier een prachtige voorstelling van te maken, waar mensen die ernaar komen kijken enorm van zullen genieten!
Alvast heel veel plezier!
Column Dety Rijpstra
2010: 150 jier “Vriendenkring" .
It is it jier 2006 dat wy begjinne te ‘brainstormen’ oer wat der barre moat yn it jier 2010. Net wer in reuny mei revu en dat soarte fan dingen, wat oars dus. Wy hoege der net lang oer nei te tinken. In Iepenloftspul by Dekemastate. Dêr komt fansels wol wat by te sjen. In hiele organisaasje en it kostet ek in pear sinten. Ik gean út it bestjoer en stap yn ’e jubileumkommisje mei noch in oantal minsken. Der wurdt oerlein mei Dekemastate, sy sizze ja. Wy freegje Janneke Bergsma út Berltsum om in stik te skriuwen, sy seit ek ja en skriuwt tegearre mei har man Pieter Jan Smit in stik foar ús. Janneke regissearret dit stik ek. Op dit stuit binne de repetysjes al drok oan ‘e gong. As ynstekster doch ik dizze kear mei ynstee fan op ‘e planken stean. En ik moat sizze, it is wer ris wat oars, mar it befalt goed. Tegearre mei ús âld regisseuse Jikke de Haan ha ik in jubileumboekje makke oer de lêste 25 jier Vriendenkring. Wêrom net fan 1860 ôf hear ik jim tinken. No, dêr is al in boekje fan, skreaun troch Mentha de Jong, ‘Vriendenkring1860 - 1985’. Dus no ‘Vriendenkring 1985 - 2010’. Dat boekje is, as ik dit skriuw, krekt klear. Yn april hearre jim der mear oer hoe oft jim dat bestelle kinne. Ek organisearje ik tegearre mei Janny Miedema in tentoanstelling op ‘e souder fan Dekemastate. Jim kinne hjir fan 1 april ôf terjochte. Jim sjogge, Jelsum-Koarnjum-Britsum stean fan 1 april oant heal juny yn it teken fan 150 jier toanielselskip ‘Vriendenkring’. De doarpen wurde moai oanklaaid en de flagge op ‘e toer. Op 2, 4 en 5 juny binne dizze trije doarpen hiel efkes de wichtichste plakken fan ús hiele provinsje. It sil brûze en siede, jim komme dochs ek!!!
Column Janneke Bergsma
Hoi allegeare,
Ik bin Janneke Bergsma , skriuwer en regisseur fan it Iepenloftspul “Fier Fuort” fan Jelsum, Koarnjum en Britsum. Tegearre mei myn man Pieter Jan Smit ha ik in stik skreaun spesjaal foar it 150 jierrich bestean fan Vriendenkring.
Ik bin no 2 moannen dwaande mei de ploech en it foldocht skoan.
Der binne repetysjes wêr’t op papier mar 5 man hoege te kommen , mar wêr ‘t wol 10 sitte. Wat in entûsjasme, hearlik. Foar in regisseur in dream. It ” mei elkoar gefoel” is rom fertsjinwurdige en dat is goed. Dat is wêr it om draaid, mei elkoar der plezier oan belibje om wat te meitsjen wêr ‘t in oar ek wer plezier oan belibje kin.
Toaniel is der by my mei de brijleppel yngetten: thús wie der in soad omtinken foar toaniel mei ús heit dy’t stikken foar it amateurtoaniel skreaun. De earste kear dat ik sels op de planken stie wie mei de Foardrachtskriich. Spylje by de toanielklup fan Jellum-Bears en in pear jier letter makke ik myn debút by it iepenloftspul, yn it stik ‘By’t amer fol’ yn Jorwert. Uteinlik ha ik dêr trije kear meidien, alle kearen ûnder rezjy fan Pyt van der Zee. Dizze regisseur waard letter artistyk lieder fan Tryater en fia him kaam ik dan ek by Tryater telâne. Underwilens wie ik kleuterjuf yn It Hearrenfean. Ek regissearre ik al hjir en dêr ris wat û.o. by Vriendenkring.
En doe.…krige Pieter Jan in baan yn Haarlem en ferhuzen wy nei Purmerend omdat ik der haad fan in skoalle waard. De nije oankommende rezjy dy’t ik foar Vriendenkring dwaan soe koe net trochgean.
Purmerend wie wol efkes wat oars, mar der sieten foardielen oan, wy wennen benammen tichtby Amsterdam: alle jûnen wienen dêr foarstellings en der siet in teaterskoalle mei in hiele goeie namme! Nei de teaterskoalle –4 jier- en wer werom yn Fryslân – kaam ik werom by Tryater. Yn totaal ha ik dêr yn sa'n 10 stikken spile. En doe de stap nei it regissearjen: it berne-iepenloftspul, it iepenloftspul fan Wergea, ferskate produksjes by toanielferienings, it kabaret fan Leny Dykstra, it iepenloftspul fan Wurdum (Simmer 2000), it iepenloftspul Dronryp (5 x) en no dizze simmer it iepenloftspul foar Vriendenkring.
Ik hie in ôfspraak mei mysels..... Net jier op jier in iepenloftspul regissearje. Ien kear yn de 2 jier is moai genôch, benammen om in bytsje fris fan ideeën te bliuwen. Want der giet in protte tiid mei hinne. Vriendenkring trochkrúste dizze plannen. Yn 2006 bellen sy al, om te freegjen oft ik harren regissearje woe en sy hienen al útrekkene it wie dan net myn iepenloftspuljier yn Dronryp. Ja, sis dan mar ris nee. Omdat ik it eartiids ek al in hiele leuke klup fûn, ha ik tasein.
Neist regissearen ha ik in eigen bedriuw mei Wietske de Boer. Jawis Training & Advies fersoarget feardichheidstrenings op kommunikaasjemêd foar bedriuwen en oerheid. De kursisten leare yn de trenings benammen troch te dwaan en te erfaren: yn rollespullen en mei oefenings. Ek docht Jawis training& advies re- yntegraasjeprojekten foar minsken dy’t yn in útkearing sitte: troch kreative workshops mear kontakt, selsfertrouwen, wille en feardichheden, de wrâld wer troch in oare bril te sjen te learen en te belibjen.
Mei oare wurden, ik ferfeel my net.Altyd mei minsken yn de wear, stimulearje aktivearje ta stappen dy’t men sels net tocht hie en dochs mei plezier docht. Want dat is in wichtich wurd, plezier. As regisseur hopest op in moaie foarstelling, mar de wei der hinne, it proses is hiel belangryk.
Ik hoopje dat jim as lêzers allegear komme fan ‘t simmer. Wy sille jim in moaie jûn besoargje!
Column Louis Hooghiemstra
T.S."Vriendenkring" 150 jier!
Yn de 10 jier dy't ik no by toanielselskip "Vriendenkring" Jelsum, Koarnjum, Britsum bin is der gjin jier itselde west. Fan alles is der spile: fan kluchten, ienakters oant de "bettere stikken". Om nije spilers oan te lûken binne wy begûn mei it jaan fan toanielkursussen; 10 jûnen repetearje mei as resultaat in ienakter op it toaniel foar in seal fol besikers. Sa hawwe wy groepkes froulju, manlju en in soad jongerein op de planken krigen dy't noch nea spile hienen. Mei as gefolch in soad nije leden dy't nocht hawwe om te spyljen en dat komt ús no te pas.
It sil begjin 2006 west wêze dat wy it der foar it earst oer hân hawwe wat te dwaan yn 2010, ús 150 jierrich jubileum! Eins wienen wy der al gau oer út dat in iepenloftspul yn ús doarpen dochs wol it aldermoaiste wêze soe om soks te fieren.
Dat wie gau besletten, mar dan, hoe pakke wy dat oan! Besletten is om in jubileumkommisje te foarmjen besteande út it bestjoer fan "vriendenkring" oanfolle mei âldbestjoersleden en inkelde oare doarpsgenoaten mei spesifike kwaliteiten. It liket in skoft, 4 jier fantefoaren, mar dy tiid hawwe je wol nedich om alles goed te dwaan. Want der komt in soad op je ôf, ek om't wy der gjin erfaring mei hawwe hoe soks te organisearjen.
Ien fan de earste dingen dy't wy regele hawwe is in betûfte regisseur fan iepenloftspullen. Janneke Bergsma waard frege en ree fûn de rezjy op har te nimmen. It wurdt har earste stik dat se regissearret dat se tegearre mei har man skreaun hat. It stik is dan ek spesjaal foar ús skreaun en giet oer twa famyljes dy't libje yn 2 hiele ferskate wrâlden. Harren libbens krúse elkoar en... dat moatte jim begjin juny sels mar komme te sjen!
Begjin jannewaris binne de repetysjes begûn. Elke jûn 1 of 2 scenes en sûnder boekje repetearje. Dat is wol efkes wenne mar it foldocht bêst want dan groeist as fansels yn dyn rol. It is prachtich om te sjen hoe't alles no syn foarm krijt. De spilers binne wiis mei Janneke en it stik. It dekor is ûntwurpen en de bouploech makket him klear om los te gean. By Dekemastate komt in eksposysje oer 150 jier t.s. "Vriendenkring". Foar de klean, technyk, katering en allerhanne oare saken wurde ploegen gearstalt dy’t harren dêrmei dwaande hâlde. Dit alles hie net mooglik west sûnder al dy minsken dy't har as frijwilliger oanbean
hawwe, geweldich!
Op ús website kinne jo alles oer ús fine, set him bij jo favoriten en sjoch der sa no en dan ris op. Ús doel is dat alle besikers in bysûndere jûn meimeitsje wêr’t se letter mei nocht oan werom tinke!
